Oanjefte tsjin loko-boargemaster om demonstraasjeferbod

Demonstraasje tsjin Swarte Pyt © ANP
De Bond van Wetsovertreders (BWO) docht oanjefte tsjin de loko-boargemaster fan Dongeradiel. Dit docht it bûn fanwege diskriminaasje en it ferbieden fan de demonstraasje yn Dokkum tsjin Swarte Pyt.
Neffens de BWO hiene de demonstranten it rjocht te protestearjen en dat rjocht hat de gemeente harren ûntnaam, seit it bûn. Dêrmei binne se beheind yn harren frijheid. De BWO freget de rjochter te beoardieljen oft it ferbod rjochtfeardich is.