"Hurd wurkje oan ôfsjitten fan guozzen"

Der moat echt hiel hurd wurke wurde om it tal guozzen troch ôfsjitten te ferminderjen. Dat duorret net ien of twa jier, mar soks moatte jo lang folhâlde. Dat seit Henk van der Jeugd fan it Nederlands Instituut voor Ecologie. Hy en in grut tal oare guozzesaakkundigen sieten freed byinoar yn Ljouwert op in sympoasium fan de Fryske Akademy.
Warskôging
De problematyk is hiel aktueel, want de provinsjale polityk beslút ynkoarten oft der mear romte komt foar de jacht op guozzen. Van der Jeugd warskôget wol dat de jacht ek te fier gean kin. In populaasje kin ek ynstoarte. Dêrom moatte jo hiel goed yn 'e gaten hâlde hoe't it mei de guozzen giet. It prikken fan aaien helpt net om it tal guozzen te beheinen, sa docht bliken út ûndersyk.